Jan Eisenga as Frysk Skriuwer
JAN EISENGA AS FRYSK SKRIUWER
Jan Eisenga hie syn idealen op maetskiplik, op kultureel, op Frysk gebiet en hy hat dêr , as sprekker, skriuwer en bistjûrder fûl foar krewearre; de weromslach fan what er bestribbe as soasialist, as ûnthâlder, as ûnderwiisman, as Frysk strider fynt men ek yn syn fersen. Mar wylst net ien him de earenamme fan strider op al dy gebieten ûntkeare kin, woe it him net bêst slagje om striidfersen to skriuwen; de wjukslach fan syn muze wie dêrta to swak, hoe't dy striid him ek ynmoed west hawwe moat, de gedichten dêroer hawwe to min gloede en to min persoanliks nei ynhâld en foarm.
Better kin men oan de oare kant bigjinne, by de ferskes, dy't er skreau as de iepenbiere skoalle op 'e Gordyk 50 jier bistien hie of de krite Hearrenfean 40 jier, oan de ein fan in Fryske leargong of as de skoallebern oantrune wurde moasten om de oergarre sinten nei de bank to bringen. Dat is ,,gebrûkswurk'' en yn syn soarte goed; it klaeit him net foar mear as it is. Dêrwei komt men neigeraden yn oare skiften fersen, dy't persoanliker en fortsjinsliker binne, al bliuwt ek dêrby de tsjinjende funksje sterk. Eisenga hat gâns teksten skreaun by koar- en sololieten; dat hie in praktysk doel: hy woe, dat de Friezen op moaije wizen Fryske wurden sjonge soene.
Ornaris wie dat in min of mear frij forfryskjen fan de bisteande texten, mar hy wie ek wolris sa frij yn syn biwurking, dat men hast fan oarspronklik wurk prate kin.
Hy fielde tige foar muzyk, binammen foar sjongen en men hoecht dan ek gjin noed to hawwen, dat syn biwurkingen net mei de melody strike sille.
Der leit by syn wurk ek gâns in rige bernelieten; bernelieten skriuw ik en net berneferskes, omdat by in inkelde de wize stiet en omdat it oan de foarm fan oaren ek dúdlik is, dat er him der in wize by tocht. De measten binne yn 'e bisettingsjierren ta stân kaem. Der binne, tinkt my, tige slagge by. Jan hie, as ûnderwizer, genôch bigryp fan hwat in bern yn dit stik fan saken freget, ja men soe úthâlde kinne, dat hy, de idealist, altiten hwat fan it bern yn him bewarre hat: hy leaude oan it moaije en goede yn natûr en minske, hy leaude yn de dream; as de realiteit dêr sa slim mei yn striid like, dan fierke er yn 'e takomst op.
Hjir mei der ek wol op wiisd wurde, dat hy, sa op it earste oansjen mienskipsminske fan it klearste wetter, yn wêzen dochs wol tige op himsels stie; by al syn maetskiplik stribjen wie en bleau er individualist, de man fan stimmingen, fan it stuit, fan de koarte baen: fûl út ein, in ynsinking, dan wer fannijs foarút. ,,Emotioneel aktyf'' lyk as de psychology dat neamt. Dêrom hearde er ek sa thús yn 'e J.G.O.B. en waerd er letter ûnwearsteandber oanlutsen fan 'e O.S.P. Hoe tige dat op-jin-sels stean yn 'e mannichte him hiem wie, sjocht men feaks op 'en bêsten oan it fers ,,Kamp-Beeksebergen. Ympresje O.S.P. Kamp simmer 1932''. Tipearjend is de hâlding, dêr't er himsels yn werjowt, midden yn it kamp: ,,sit ik allinne, stil'', de genieter fan de moaijens yn 'e natûr, de libbensgenieter, bliid mei de freonskip fan de maten, dy't opmerklikernôch yn dit gedicht allinne as symboal oanwêzich binne: de reade flagge, dêr't de sinne oer strielet en dy't klapp'ret op 'e wyn. Wis, de ,,striid'' forskynt ek oan de ein, mar botte oertsjûgjend klinkt it net; it hat mear wei fan in forplichte slútakkoard. Yn alle gefallen is it dúdlik, hoe Jan Eisenga syn politike ramint, moed, stimming dêr net swak yn meispilen. Deselde ,,individualist'' fynt men werom yn in fers út 1943, sûnder titel bigjint my de rigel ,,Yn djippe sliep lizz' hja, dy't my it djûrste binne'' hy spint him hielendal yn 'e feilige foldienens yn.
Ut dizze fersen komt syn gefoeligens as eigenskip nei foaren, in net djippe en sterke, mar yn syn bêste mominten wol tige suvere gefoeligens foar stimmingen, foar it moaije yn 'e natûr yn 'e ivige wikselingen fan 'e seizoenen oer it âld, skier lân en foar what der oan ynlikens wêze kin tusken minske en minske yn freonskip en leafde.
Gâns fersen, helte mear as wy hjir opnimme koene, bistrike dizze terreinen, altyd nije
boarnen foar wer in oare dichtergeneraesje, en men kin der wer itselde fan sizz as fan syn striidfersen: as er him der ta set, in machtich natûrbarren to skilderjen, sjit syn talint to koart, docht it wurk oerdreaun en cliché-eftich oan, mar as er neat oars docht as de ronfelingen fan de yndrukken yn it simpel wurd sober wer to jaen, falt der
hiel what yn syn fersen to genietsjen. En hjir leart men syn bistean kennen, sa't dat west hawwe moat ; iepen, lyk as by safolle Friezen, stie syn hert foarm en stal, geur en kleur ; foar de hearlikheit fan loft en lân, it soeijende gers, de driuwende wolk, it strikem en strûzen fan 'e wyn, it rûzjen fan 'e bosken, foar alles hwat Fryslân syn bern to bieden hat.
Dat kin men ek yn 'e kar, dy't wy út syn fersen diene, noch wol neikomme. En alwer, dizze gedichten sizze ús mear as syn striidfersen oer Fryslân, dy't noch al konvinsjoneel en net frij fan retoaryk binne. Pleitet in dichter dan dochs it bêste foar eigen lân en folk, as er neat oars docht as eigen moed to uterjen, sûnder opsetsin?
Jan Eisenga hat hiel hwat oerset út oare talen, út it Hollândsk inkelde, mar ek út it Ingelsk en binammen út it Dútsk. En binammen Storm, dy't ommers ek oer Fryslân en de Friezen skriuwt, loek him; foun er yn him syn ideaelbyld, de skriuwer, dy't hysels graech wêze wold hie? It is wol in tragyske omstandichheit, dat mei Jan Eisenga in man foel, dy't yn syn oersettingen sjen litte hie, dat er alderminst in fijân wie fan Dútske kultuer. Syn oersettingen út it Dútsk, dêr't wy in stikmannich fan opnimme op dizze website, foarmje faeks de fûlste oanklacht tjin de domme Dútske kûgels, dy't in ein makken oan it libben fan dizze bernlike, ynmoedige Fryske strider.
Hij hie syn fortsjinsten, ek as skriuwer, hy hat as sadanich syn biskieden, mar likegoed weardefol plak; hy kipte der út yn mannich ding, al wie er net in greate figuer. Skriuwers as Jan telt Fryslân aldergeloks gâns in rige; hja foarmje meiinoar de brede ûnderstream, dêr't wy ús greate forwachtingen foar de Fryske literatuer fan 'e takomst op bouwe en har greatste wearde is, dat hja tjinje wolle. Ek as skriuwer koe en woe Jan Eisenga tjinje; ek dêryn kin er ús ta 'n foarbyld wêze, noch altiten. terug
DE MINSKE JAN EISENGA
Syn eigenskippen moasten fan him meitsje in dichter en in strider en.......ja ek in master! Hy wie ûnthâlder, smookte net, dounse net en wie vegetariër.
By alles what Eisenga die, stie him it doel klear foar eagen : As hy ûnthâlder is, dan wol er de striid net earder oerjaen as earst sil hiele Nederlân ,,droech'' wêze.
As hy lid is fan ,,de Bond van Nederlandse Onderwijzers'', dan is er dat om to striden sa lang der foar de Nederlândske ûnderwizers easken bliuwe.
As er lid is fan in politike partij, dan wol hy fjochtsje ont it demokratysk soasjalisme syn biwâld hat. As hy Frysk strider wurdt, dan wurdt er dat foar goed, dan wrot en wreamt er troch, ont 'er gjin Fries mear net-organisearre wêze sil, dan wol er Fryslân mei omheech stjitte tusken de folken der omhinne.
Yntuityf fielt er oan, dat in ienling net folle bidije kin en sa siket er de organisaesjes op dy fronten. Fan 'e Kweekskoalle ôf, kiest er him fuort in ûnthâldersorganisaesje,
wurdt al ridlik gau bistjûrslid immen, dy't sprekke kin, dy't it net skimeret en dy't initiativen hat, hoecht ornaris net lang fan siden to stean en letter foarsitter.
Dat er lid waerd fan 'e ,,A.N.G.O.B.'' ( letter giet er oer nei de ,,N.V.'') komt fan syn opwaechsen yn 'e ,,Jongelieden Geheel Onthouders Bond'' en 't nest, dêr't útkaem.
Ja, as jonge (kwekeling) foun er it paed nei de ,,J.G.O.B.'', 't koe ek net oars: mem en heit beide lid fan 'e ,,A.N.G.O.B.'', hysels in gefoelsminske, oan hwa't alle misse tastannen en forkearde, de minske delheljende gewoanten frette, wurdt lid en strydt mei. Botte drok makket er it him yn 't earstoan net; hy sit troch 'en wike yn Grins, komt Sneons thûs en set Moandeis wer ôf, de stûdzje en it ,,Kwakke''-libben hawwe tige syn omtinken en it birutsen idealisme slacht allinne mar út, as er ris bekfjochtsje moat mei syn stúdzjematen. Sneons giet er as in hearke, njonken heit nei omke B. ta
stappen om nei wierskyn to fortellen fan 'e stúdzje en 'e skoalle.
Mar hy hat de ,,akte'' skraech yn 'e bûse, as hy set útein!
Alles hwat út it lead hinget yn 'e Maetskippij, alles hwat moassich is fan âlderdom en alles dêr't in fize rook jin fan tomjitte slacht, springt him sa to sizzen ta de eagen en it
hert yn en wrot en wraemt ont in bliedende woune makke is en hy mei fûle foarsje weromhout: hy is yn it deistich libben en yn 'e organisaesjes hyltyd propagandist,
yn 't earstoan hwat hoeden, nei syn trouwen lykwol dryster.
Hy fynt sa oanslach yn 'e organisaesjes op 't gebiet fan ûnthâlding, yn 'e fak- en politike organisaesjes en jowt in rite syn krêften oan 'e Frijtinkers-foriening ,,De Dageraad''. Hy is hastich, de stoarmen fan 'e tiid roppe yn him like folle en like fûl stoarmen op, nouris mient er dat it koartste paed nei de ideal-steat hjir lâns giet, dan wer dêr lâns - mar it koartste siket er - hoeden is er net mear - dy't in paed dúdlik wiist, al moat men de hyltyd oer stikeltried hinne en troch sompen en puollen, dy kriget him mei. Syn revolusjonnair temperamint sjocht de swierrichheden tige forlytse en.....boppedat it doel is 't wurdich en dêrom: bisykje!
De útstellen, dy't it meast op 't doel oangeane, wurde fan him fordigene; de opposant, dy't nije wegen, koartere wiist, kriget syn stipe. Sa giet it yn 'e ûnderwizersorganisaesje,
sa giet it ek yn 'e politike organisaesjes. Striid wurdt der levere, aloan en alwei... hy en syn maten en oarsom kenne net it rêstige organisaesjelibben fan party, dy't ôfwachtsje what ,,fan boppen'' komt en de konsignes folgje. Hja sykje nije paden, debatearje, sprekke en skriuwe en hawwe gjin lins... En dochs wie Jan Eisenga gjin fjûrfretter.
Hy wie goed, en mei 't rjocht, binammen mei dat fan de mindere en de ûnfolsleine, hipte it nau. Rûch en rou wie er nea, gemienens wist er net what wie, as it ien of it oar him to pakken hie, dan hie 't him hielendal, kaem der in réaksje op, dan koe it fjûr ek hommels dwêste. Syn frou hat gâns ynfloed op him hawn - de selde hate tjin ûn- en a-soasjale tastanen (hy mette har foar 't earst op in J.V.O.-kamp dêr't er kaem as ôffurdige fan 'e J.G.O.B.) laette der ta, dat hja moai gau-eftich de lapen gearsmieten.
Har hân hat faken in triuwende stipe west op it swiere paed fan him, dy't net de wurdearring foun, dy't him takaem, omt it goede wêzen fakentiden bidutsen gyng ûnder it rou-oandwaende revolusjonaire striden om it de minske en gjin-ien-oars-as-de-minske better to jaen. Nea hat hy tocht om, en striden yn hokker organisaesje ek,
foar persoanlik gewin. Mar dêrmei hâld ommers ús wrâld gjin rekken - de wrâld is rûch..... - persoanlike hillege húskes, dy't yn 'e striid tobroazele waerden, rôpen wjeraksel op en forballen de goede gefoelens dy't yn in bulte minsken dochs libben foar Jan Eisenga! Hy sloech it gefaer fan fijannen to meitsjen en to hawwen net hegernôch oan en gyng sa troch de wrâld, troch it libben, dat oars ek wolris warskôge......en sa kin it barre, dat fijannen fan him, him yn hannen spylje fan 'e Poepen..... hy hifket, wol 'k ha, net ienris de gefaren as er ophelle wurdt en.....sa kin it barre, dat hy syn lêste siken útblaest as krûtdamp om syn holle swevet.
De minske Jan Eisenga is net mear en syn freonen roppe om wrake foar 't leffe moardzjen..... En dochs, haw ik (de skriuwer) Jan Eisenga goed kend, dan soe boppe syn ymprovisoarysk grêf stean kinne: MEI MYN GEAST FURDICH WURDE
OER HARREN, DY'T NEI MY LIBJE
en:
WRAKE FORBALJE FOAR RJOCHT!
JAN EISENGA'S LIBBEN
Jan Eisenga waerd as ien fan twiljen berne de 11te Maert 1908 as soan fan Ruerd Eisenga en Berber Numan. Oere broerkes en suskes as Oebele krige Jan net en as twiljen, dêr't elkenien niget oan hie, woechsen de mantsjes op by en yn de timmerwinkel fan heit en omke Bouke.
Doe't de streuperts sa'n fjouwer jier wiene, waerden hja nei de ,,Bewaerskoalle'' op 'e Gordyk stjûrd. Dat hat grif in hiele tôcht west foar de lytse skonkjes, hwant hja wennen yn ,,'t Easterein'', in rige hûzen bylâns de Opsterlândske Kompagnonsfeart en in part fan it doarpke Koartsweagen.
Lykwols, 't waerd harren net swier makke: der wiene, dêr yn ,,'t Easterein'', mear bern, dy't nei de ,,Biwarskoalle'' fan Juffer Lamberts gyngen en dy hiele kaert kaert waerd biselskippe fan in opslûpen fanke, dy't foar de bern noed stean moast. Yn 'e ,,lange, lange rigele'' ('t koe lije nou, auto's, motor's en fytsen wiene derû jitte hast net) kamen hja sa moarns en middeis de wâl del en waerden ôflevere oan 'e ,,Biwaerskoalle'', dy't stie yn 'e ,,Dûbele strjitte'' fan 'e Gordyk.
In jiermannich letter rôp de ,,greate skoalle'' harren. Hja waerden Gordykster ôf deis en sieten op 'e skoallebanken yn Koartesweagen fan 'e skoalle fan Master Haveman.
't Woe wol op skoalle en nei in jier fiif seis sieten de beide bruorren yn 'e heechste ein by Master de Haan, dy't út Jonkerslân komd wie en nou as Haed stie oan 'e Koartsweachster skoalle. Doe't Master de Haan dêr keam foun er yn syn klassen al ridlik gau in pear knapen, dy't it net skimere - hy krige gâns nocht oan 'e mannen en wit jit skoan, dat er alle wiken, as er ,,opstellen'' neisjen moast, de opstellen fan ,,Jan'' en ,,Oepie'' as in traktaesje foar himsels biskôge, elts opstel wie in stikje literatuer, dat er net graech misse wollen hie.
Fansels, Master ornearre, dizze jongens moasten nei de ,,M.U.L.O.'' ta, doe't der praet fan wie, dat sa'n ynrjochting op 'e Gordyk komme soe. En sa bitearde it.
,,M'nhear'' De Boer, 't Head fan de ,,M.U.L.O.'', krige ek Jan en Oepie op skoalle.
In pear jier - en doe gyngen de doarren fan 'e Grinzer ,,Kweek'' foar Jan en dy fan 'e Hearrenfeanster foar Oepie iepen. Skoalmasters, ,,meesters'', moasten 't mar wurde.
Jan, dy't, nei what Frânske les fan Master de Haan derby, eksamen die foar de Grinzer ,,Kweek'' (dêr gyngen yn dy dagen de jongens enfamkes hinne, dy't what mear koene as de sljochtweihinne bern, ,,dy't ek goed by wiene'', waerd talitten en kaem dus yn Grins yn 'e kost.) Hy wie hwat ûnwennich earst; gjin niget, hy hie nea net fier by Mem en Heit wei west, hie syn opfieding foar in great part hawn yn in plattelânsskoaltsje en waerd nou sa hommels yn in ,,greate'' stêd set.
Syn kostlju lykwols skuorden him der troch..... en doe wie it makke. Hy giet tige op
yn 't ,,Kwakkellibben'', wurdt lid en bistjûrslid fan 'e Kwekkelingenforiening
,,Concordia'', hweryn 't moai aerdich ,,yn 'e foarm'' tagyng, spilet mei yn in ,,muziekje'' en is net by de folkskonserten fan 'e Grinzer Orkest Foriening wei to slaen. It gyng sûnder tsjinstuiten, igael, wis stjûrde Jan sy skipke troch de earste, twadde, tredde, en fjirde klasse en mei in pûrbêste list, mei moed en enthousiasme sette er ôf; de doarren fan de 'e Kweek foelen ticht en de stap waerd der ûnder set nei it lokjende skoalmastersbistean........it waerd in swiere gong!
Jan Eisenga met zijn vrouw, foto gemaakt in 1933.
Yn Terwispel set er útein, earst in hoartsje ,,volontairje'' en doe tydlik ûnderwizer. Dit wie de greate dei! Oan 'e fortsjinst!
As 't earste salaris bard wurdt, moat er what weijaen fansels en foar yn in boek fan syn broer stiet: ,,Doe't Jan foar 't earst oan 'e fortsjinst wie''. Fan Terwispel nei de Gordyk by Master Visser, Ehlhardt en letter de Haan.
As Mr. Marchant Minister fan Underwiis, Kunsten en Wittenskippen wurdt, klept de brânklok foar party skoallen en skoalmasters. Gâns in smite ûnderwizers(essen) komme op wachtjild - Nederlân kin sûnder harren syn jonkheit wol opfiede ta folsleine boargers fan 'e steat....
Tsjin de wisânsje - de lêst-oanstelde learkrêft it earst der út - wurdt op 'e Gordyk Jan Eisenga op wachtjild set. 'n Tiid fan jachtsjen fan 't iene plak nei 't oare stiet foar de doar: hy moat nei 't Hearrenfean, nei Hippolytushoef, nei Hoarnstersweach, nei de Feanhoop en nei Hollum op 't Amelân, in deimannich, in pear wike, in moanne....krekt
hat er de gong der yn, as hy kin wer ôfdrosse, in fêst-bineamde as in wer better wurden learkrêft nei sykteforlof nimt syn wurk oer.... hy kin syn frou en bern wer meinimme op 'e swalk en fielt 'm as in opjage hart, dat gjin rêst hat - nou ris hjir hinne strûst, dan dêrre - efkes toevet en wer fuortset oant er lang om let syn rêst wer fynt op in greide fier fan loerend ûnk en stikume gefaren.......
Hy troude de 25ste fan Maertmoanne 1933. De Haedakte wie sines al, hy helle de Dútske, de Frânske, de Ingelske en doe de Fryske akte. Hy woe nei 't U.L.O.-ûnderwiis,
foar him wiene dy doarren sletten, hy mocht tydlikje!
Ont 16 Maeije 1936.
Jan Eisenga wurdt tydlik ûnderwizer, de earste Jannewaris fan dat jier wurdt hy rehabilitearre, by bislút fan 'e Ried fan Opsterlân wurdt der in skras set dwers oer de blêdsite fan it Opsterlânske skiednisboek, wherop biskreaun stiet, dat 'e Gordykster ûnderwizer Jan Eisenga as straf foar syn hâlden en dragen op 't politike mêd op wachtjild set wurde moast......
En de skoalle op e' Gordyk, dy't wrantelich de earste Jannewaris 1934 de doar efter de rêch fan in goede learkrêft tichtdie, sette se nou wiid iepen en wolfornoege seach er de glimkjende, jit libbende en aktive skoalmaster wer as wrotter ynkommen.
't Hat ek foar de hear de Haan in great nocht west, meihelpe to kinnen oan it werom jaen fan in fêst plak oan syn âld-learling, dêr't er fan wist, dat syn skoalle fan profitearje soe! Jit einris geane de skoalledoarren for dizze master ticht en wer iepen.....
De jierren fan 'e bisetting, doe't alle seedlike wearden totrape waerden en leagen en fenyn spoeken en glûpten om 't hûs fan eltse Nederlanner, dy't it ,,Mene, mene, tekel''
oer de bisetter útsprutsen hie, moatte foar sokken as Jan Eisenga jierren west hawwe fan jin de lea wurch hâlden, jin forbiten.
Ut en droch drige it lid fan 'e siedende, brûzjende tsjettel to tippen.
It tipte ien kear by Eisenga en 't wie fuort mis! De Maeijdagen fan '43 lokken him út syn tinte.... Hy hie kontakt mei de stakers, itselde bâlstjûrige bloed jage troch syn ieren en 't minste what er dwaen koe en dwaen moast, die er: hy praette oer stakers en staken!
Rûtste dat de doar út en hat dat de oanlieding west om him as gysler finzen to setten en to deadzjen?
Yn 'e finznis mei jonges fan 't kannefebryk fan 'e firma de Jong op 'e Gordyk, hâldt hy de moed der yn.... Dy jonges rinne yn it frije Heitelân......
Jan Eisenga stie foar it fjûr-peleton!
Inkele dagen letter kriget syn frou in offisjeel briefke fan 'e Boargemaster fan Opsterlân, hweryn har tynge dien wurdt, dat har man neffens regels fan 't ,,Politie-Standrecht'' ta de dea foroardiele waerd en dat nei wierskyn op 'e 5te Maeije 1943
,,'t vonnis werd voltrokken'' en.....
Syn frou en beide soansjes hawwe him nea wersjoen.
Kûgels, dy't er hate en biskôge as 't faeiste krûd op 'e ierde, hawwe in ein makke oan it libben, dat foar Fryslân jitte safolle bitsjutte kinnen hie!
De 13de July 1946 geane de skoalledoarren op 'e Gordyk jit ienris iepen foar Master Eisenga........
De Alderkommisje yn 'e mande mei 't personiel fan 'e skoalle hawwe mei stipe fan 'e Boargerij fan 'e Gordyk in brûnzen Tinkplaet yn 'e vestibule fan 'e skoalle oanbringe litten. Sibben en freonen komme yn dy vestibule gear om dat ienfâldich oantinken to ûntbleatsjen. Dy't it net al to krap hawwe, sizze, as Prof. H.Brouwer fan Grins syn bitinkingsrede hâlden hat, in wurdmannich oer de forlerne freon, oaren dogge der it swijen ta - it moed is harren fol..........
As nei ôfrin de leden fan 't Frysk Selskip yn Opsterlân mei 't Haedbistjûr yn sealen Sytzema harren warbere meistrider bitocht hawwe, lûkt stadichoan de wenstige dize oer Eisenga syn namme, en libbet syn byld jitte slomjende yn mannich Fries.
bron:Jan Eisenga Strider en Dichter 1948