Foardrager Gjerrit Ringenoldus
It earste stik oer Gjerrit Wiebes Ringenoldus fan Koartsweagen gyng it meast oer syn kwaliteiten as rimer, nei oanlieding fan syn boekje mei foardrachten, „gehouden op de vergaderingen van de Prov Werkliedenvereniging afd. Gorredijk" onder de zinspreuk „Door eendracht verbetering'" In boekje mei in bitreklik bytsje foardrachten. Wol lange! Toalve Hollanske stikken, fiif Fryske en ien, dêryn lit Durk in pear joaden opdrave. In ieu lyn telde de Gordyk nog in bloeijende joadske gemeente. Ringenoldus sil ünder de joaden wol hiel hwat konneksjes hawn ha. Dit efkes fan siden. — Ik hie oer net oars de biskikking as oer it neamde boekje mei foardrachten foar de leden fan de arbeidersforiening. Mar der moat tinkt my noch folie mear materiael west ha. Hwant Ringenoldus leafhabbere net allinne yn it meitsjen fan wurk foar syn meileden, hy gyng ek üt to foardragen foar oare klubs of organisaesjes. En dêr moast hy dan wol in goede foarrie stikken op neihalde. En by de sawntjen yn it boekje binne mar fiif Fryske, sak sei. Neffens meidielingen hat Ringenoldus wol mei Waling Dykstra en Tsjibbe Gearts to winterjounjen west. Gjerrit Wiebes Ringenoldus makke neffens de Stads- en Dorpskroniek fan dr. G. A. Wumkes wol reklame foar syn optreden yn de kranten. Sa fyn ik it folgjende oantekene:
18 Nov. 1877 G.Ringenoldus to Gordyk makket oan H.H. Hospessen én fan letterkundige selskippen bikend, dat hy yn de oansteande winterjounen komme wol om Fryske foardrachten to dwaen.
9 maert 1878: W. Wykstra, T. G. van der Meulen, G. Ringenoldus en Y. Zijlstra halde in foardragerij yn seal Van der Wielen to Ljouwert.
3 nov. 1878: G. Ringenoldus, Frysk sprekker bij de Gordyk docht to witten oan hearen hospessen en letterkundige selskippen dat er wer forsjoen is fan in nij stel foardrachten, meast allegearre grappich.
3 dec. 1878. Gjerrit Ringenoldus fan 'e Gordyk houdt Friese voordrachten te Menaldum.
26 febr. 1881: Volksvoordracht van Gerrit Ringenoldus boven de waag te Gorredijk.
3 dec. 1878. Gjerrit Wiebes Ringenoldus te Gorredijk houdt aldaar Friese voordrachten, eigen werk.
Oant safier de notysjes üt de Stadsen dorpskroniek. En fierder wurdt syn namme neamd yn in artikeltsje yn Paden fan Fryslan . Dêrre wurde in stikmannich nammen neamd fan bikende foardragers: Der wurdt frege: „Hwa ken fan de alderen net Gjerrit Ringenoldus fan 'e Gordyk, Kylstra fan Drachten, de Hylkema's (Bonne Sjoukes), Sjouke de Zee, Alida Ringler, Jan Ligthart, Krips, Molenaar, Larooij, Wytske Speekhout?" En fan de jongeren Rintsje Klazes, Barend van der Veen en oaren? De skriuwer (Wumkes) neamt Gjerrit Ringenoldus as earste fan in rigeltsje doe bikende foardragers. En nou is hy in forgetten dichter-foardrager! Mooglik is hjir of dêr noch hwat fan Ringenoldus syn wurk yn in ald pultrum of kammenetslaed? Syn dochter Foekje (mefr. Verhagen) is yn 1934 forstoarn. De man fan de Gordykster Alheidkeamer soe wol bliid wêze mei hwat wurk.
Fryske foardrachten
It liket my nou it beste hwat fan syn Frysk wurk léze to litten. Yn „de rike dogeneat" wurdt in rike loaikert tsjinoer in flitige ienfaldige arbeider steld. In pear strofen: (men sil oer de stavering in bytsje stinne moatte):
Wot is doch en rieke skevel
Mei zien grutte bud en knevel
Mei zien diamanten ringen
En sa folie mooije dingen,
Die ik hast net neame ken?
Wat is doch san weelde-ben?
os hij mar net doogt van binnen,
Os hij syn forstán en sinnen
Sliepet op ut dwaen fen kwea,
Ta en oaremon sin skea?
Koe men him de wroad verbiede!
Jir en der en faem forliede,
Mei sin soekerzwiete moele,
Dêr forgif ien zit forschoele,
En har den nog nei har fál
Ut to gniezen heulendol;
Dot is 't wurk, dot hij forrjugtet
Da dat him gjin minske lugtet,
Os sin boden, die in skiën
Toloarstelde forwachting
De skriuwer Ringenoldus bigjint mei to sizzen, dat ien fan syn greatste winsken is dat de earme minsken op harren alde dei in eigen hüske krije sille (hy skreau dit sahwat 1880). Hy tortelt wiidweidich dat in alderpear in „wol-gevuarmde" soan ha, dy't forkearing kriget en de jongeiju trouwe. It jonge pear komt by de alden yn. De takomst liket skoan.
....Ut odde en ut jonge peer
Kom onder ien en 't zeide dak,
Dot pion wie lang ol kont en kleer
En olies lieke gled en vlak.
Mar och ut dwörre mar en poos,
Doe kwam ur ol en wolkje an 't zwerk.
De löft die wadde ol oos en oos
En op ut lest — ut broeide sterk.
Ur bruts en heftig onwaar los.
Dot onwaar dwörre dei op dei.
Ut odde montje kriege jos
En 't odde wiefke vjilde ut mei
De jongen hiene de odden oer,
Zij wienen dot getiernol zed.
Ut rekke ollegjer oerstjoer,
Beholven 't nije hüwlieksbed.
~Kom" zei op 't lest ut odde montsje
„Wij kieze mar ut hazepad;
Wij ha jir dei op dei san stontsje,
't Is best dot wij üs mar verplontsje,
Zij helpe olle beide en hontsje,
En bringe ûs nei 't tsjerkhouw ta
Ur komt nog schielek en archiefke,
Dot an de ben verhelle wudt,
Oer 't ongelökkig montsje en wiefke,
Wij jouwe mar en ouwscheidsbriefke.
Ut vuwötgeen maalt mij net en viefke
Sök schieden dot is neet net hud."
It forhael bislüt nei:
Za tocht ut wiefke ik.
En jirmei eindigt nóuw dit stik.
Ik bislüt mei in stikmannich rigels üt it poëem „In foardracht oer it foardragen.
.......'t Resenteren
Hat en oor en better doel,
't is om keunstzin op te wekken
't Is en les ien mooi te sprekken,
't Is de taal soms von 't gevoel.
Wolkom don die mooije stikjes!
Wolkom don die oogenblikjes!
Zij foldógge üs sa schoon.
Lit vrij buwiidjes en kateders
Schödsje as de heuchste ceders,
Nooit te heug klinkt ûa dy toan.
Mar de druwveer von dot alles,
Liek os soms wol it gefol is
Mat net waeze eer of rom;
't Is ien von ûsdjoerste plichten,
Om ûs evenmeensk te stichten.
En der tinkt mun vaek net om.
Nuttig mat mun waeze wolle;
Ut is lang net ilke folle
Wotom ieten op te zetten
Der ut zot ien is vurgetten!
Dos en grutte keukenfout.
Olles wot wij sizze of ijaeze
Mat en nije prikkel waeze
Ta it edel deugdbedrûw
leder sprekker mat zien gaven
Tsjinstber meitsje an 't beschaven"
In lyts grapke
Hjir is in folksman oan it wurd, immen, dy't in iepen each hie foar hiel hwat maetskiplike misstannen. Mar hy seach faek troch it tsjuster hinne de humor blinken. — Ta bislüt in „grappich" stikje:
len de onderbroek de vijand ouw te slaan,
len de onderbroek him en ontwiek te jaan
Nei better wroad, nei aariger manieren;
len de onderbroek te vjuchtsjen os en lûw
Voar heitelan en kraits, dat is in freemd bidriüw;
De vijand wudt onteert troch sa to oarlog vieren.
Mar werrom komt san f ein ek faak sa onforwacht?
Werrom sa stiltsjes wei, leat ien de joon of nacht?
Hoe gauw ken en soldaat it broek-an-tsjen forjitte,
Os hij oerromp-le wudt? — Wie fjurrig is en kloek,
Die tinkt om 't klaaijen net, — hij vecht ien de onderbroek.
Want soe der voar san held wol zwiere straf op zitte?