Gorredijk

Terug naar boven

DE TSJINWYK, OF DOCHS TJAMMEGRACHT OF TJAMMEWIJK?

Hielendal links foaroan stiet de 10-jierrige Arjen, soantsje fan Rink en Lutske(Lummigje) de Vries dy’t in boerespultsje op”De Pôle” hienen. Arjen wie letter bakker op de monumintale bakkerij by de brêge yn Koartsweagen. Hy wie doe troud mei Jinke de Vries-Siebenga en sy krigen trije dochters : Sytske, Lummy en Aly(3). Mei de âldste, Sytske bin ik al mear as 50 jier troud. Foar ús hûs, foar it Easterein oer, wie “De Pôle”. Dat wie eins in eilân, want rûnom wiene wiken en sleatten. As it winter wie, dan rieden wy op ús houtsjes ( redens fan hout) oer it iis fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart nei “De Pôle” en dan rieden wy de “Tsjinwyk”, links fan “De Pôle” yn. Yn de jierren fyftich en sechtich fan de foarige iuw hat it grutste part fan de “Tsjinwyk” plak makke foar de út De Gordyk wei ûntwikkele nijbou. Foar âld-Koartsweachsters hat de “Tsjinwyk” desennialang , miskien wol iuwenlang in begryp west. Der is in protte op reedriden , ek yn wedstriidferbân. Der hat sels belslydjeien west en de foto dêrfan by dit stikje is makke yn 1917(1). Noch fier foar’t de moaie iisbaan oan de Leyen der wie, organisearre de iisklup “Hâld Moed” al wedstriden op de “Tsjinwyk”. Bekend is ek dat der foar “Hâld Moed” (2,oprjochte yn 1919)in oare iisklup wie, “Zevenwolden”, dy’t dêr ek al har wedstriden hold. Op 20 febrewaris 1929 wûn Pyt Dykstra út Nij Beets de earste priis fan 80 gûne op de ´Tsjinwyk”. Simmers mei de skoalfeesten wie der sprietrinnen oer de “Tsjinwyk”. Dan lei der in peal oer de wyk en dêr moasten se oerrinne. Yn offisjele notariële stikken wurdt de populistyske “Tsjinwyk” de “ Tjammewijk” neamd en yn in stik út 1810 komme wy de wyk sels tsjin as “Tjammegracht”

2

3

Meer foto’sLaatste foto’s